Sjogge jongerein en âlderein mei ‘oare eagen’?

30 jan 2015 - 15:47

‘Oare Eagen’: fan moandei 2 febrewaris ôf op Omrop Fryslân Televyzje

Hoe sjogge ferskillende generaasjes oan tsjin maatskiplike tema’s lykas noarmen en wearden en de ferskillen tusken manlju en froulju? Is nei tsjerke gean net mear fan dizze tiid en kinst oan it uterlik sjen hoe’t immen is? Fan 2 febrewaris ôf, de antwurden by Omrop Fryslân yn it diskusjeprogramma ‘Oare Eagen’.

By elk tema yn Oare Eagen steane trije stellings sintraal. Jongerein en âlderein nimme earne yn Fryslân plak op de diskusjebank om dêr harren miening oer te jaan. Tinke jongelju echt oars oer de stellings as âldelju of binne de ferskillen eins net sa grut? Besjogge ferskillende generaasjes de dingen mei oare eagen?

Minsken thús kinne ek meidiskusearje. Op de Facebookpagina fan Redaksje Omrop Fryslân wurdt ien fan de stellings út de ôflevering fan de wike pleatst. Elkenien kin dêr syn of har reaksje ûnder kwyt.

Oare Eagen is in searje fan sân ôfleverings fan likernôch acht minuten. It programma is betocht en produsearre troch studinten fan de oplieding Marketing en Communicatie fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert.

Oare Eagen
Fan moandei oant en mei freed om 16.50 oere op Omrop Fryslân Televyzje. De earste ôflevering is te sjen op moandei 2 febrewaris. Alle wiken op moandei in nije ôflevering. De searje is ûnder oaren ek te besjen op Omropfryslan.nl, de apps en op it Youtube kanaal fan Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)