Simmer by Omrop Fryslân skoart op radio

21 sep 2016 - 13:53

Omrop Fryslân hat in goede simmer hân op it mêd fan radio. De harksifers fan de stjoerder binne flink omheechgien oer de simmerperioade. Dat de Omrop oeral yn de provinsje oanwêzich wie, hat fertuten dien. It merkoandiel makke in groei troch fan 6,1% yn fergeliking mei deselde perioade foarich jier. Dat docht bliken út de lêste mjitting fan it NLO, it Nationaal Luister Onderzoek.

Sân wiken lang, sân dagen yn de wike, wie de Omrop troch hiel Fryslân te finen. Mei de Omrop-camper nei bygelyks de Fiskerijdagen yn Harns, live ferslach fan ferskate sporteveneminten en natuerlik it nijs fan de dei. Sa die Omrop Fryslân trije wiken lang ferslach fan it skûtsjesilen op de Fryske marren, waard de spanning by de grutste keatspartij fan it jier op ‘e foet folge en koe elkenien live by Omrop Fryslân hearre dat Oane Galama it FK Fierljeppen wûn. Sawol troch de wike as yn it wykein hawwe de sifers fan Omrop Fryslân Radio op ‘en nij in groei meimakke.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker is bliid mei dizze ûntwikkeling. "Wilens de simmermoannen hawwe wy altyd in soad oandacht foar eveneminten lykas it skûtsjesilen en it keatsen. Mar mei ús radio-útstjoeringen rjochtsje wy ús op in folle gruttere groep dan de leafhawwers fan dy eveneminten, want wy binne der foar elkenien. Ut de harksifers fan ôfrûne simmer docht bliken dat dy oanpak in sukses is.”

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)