Sander Warmerdam nije kommissaris Omrop Fryslân

30 aug 2017 - 08:49

Sander Warmerdam fan Langwar is dizze wike beneamd ta nij lid fan de Ried fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân. De Ried fan Kommissarissen bestiet fierders út Ton Baas (foarsitter), Sandra van Gaalen, Anja Dijkman en Ger Jaarsma. Warmerdam folget Roeland Stekelenburg op, dy’t fan 2011 oant 2016 kommissaris west hat.

Sander Warmerdam, berne op 10 april 1972 yn Hillegom, is wurksum as einredakteur fan NOS.nl by de NOS. Warmerdam folge syn oplieding ûnder oare oan de NHL yn Ljouwert en de Universiteit fan Grins.

Sûnt 2000 hat Warmerdam ferskate funksjes hân by de NOS. Hy begûn as redakteur Radio 1 Journaal, dêrnei wie hy bûtenlânredakteur/koördinator by it NOS Journaal. Fan 2007 oant 2010 wie Warmerdam NOS redakteur Amearika yn Washington. Fan 2010 ôf wurke hy op de ekonomyredaksje, earst as redakteur/koördinator en letter as sjef. Fan 2016 ôf is hy einredakteur NOS.nl.

RfK-foarsitter Ton Baas: “Yn Sander Warmerdam hawwe wy in persoan fûn dy’t foldocht oan it profyl dat wy foar dizze funksje sketst hiene. Dêr binne wy as Ried fan Kommissarissen tige mei ynnommen. Benammen syn kunde op it mêd fan nije media slút goed oan by de ûntwikkelingen en ambysjes fan ús omrop. Dêrneist binne wy der wiis mei dat Warmerdam tige belutsen is by Fryslân, hy wennet yn Fryslân en praat it Frysk ek prima”.

Noat foar de redaksje
Foto: Sander Warmerdam

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 – 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)