Samen voor de Voedselbank: Kom yn aksje!

27 nov 2014 - 16:00

Omrop Fryslân ropt minsken op om aksje te fieren

Yn alle hoeken fan de provinsje komme ferskate aksjes op gong om iten in te sammeljen foar de aksje Samen voor de Voedselbank. Omrop Fryslân ropt harkers, sjoggers, mar ek klups, ferienings, organisaties en skoallen op ek de kommende wiken noch aksjes op tou te setten foar de itensbank. De produkten kinne tusken 8 en 19 desimber by Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei yn Ljouwert brocht wurde.

By Omrop Fryslân is op tiisdei 11 novimber in grutskalige aksje foar de Voedselbank fan start gien. Yn de lêste twa wiken fan de aksje wurkje sa’n santich supermerken yn de provinsje oan de aksje mei. De produkten dy’t nedich binne kinne dêr kocht en efterlitten wurde foar wa’t net nei Omrop Fryslân komme kin of wol. Aksjefierders dy’t harren guod wol by de Omrop bringe, binne te sjen op de webcam en kinne harsels fia in grut skerm op de foto sette.

Aksjes kinne oanmeld wurde op www.omropfryslan.nl/voedselbank, de redaksje siket aksjes út foar it meitsjen fan reportaazjes op radio en televyzje. Op de site is ek in oersjoch te finen fan de dielnimmende supermerken, it lêste nijs oer de aksje en de reportaazjes dy’t makke wurde. Fan 1 desimber ôf stiet de Omrop Cam, in app fan Omrop Fryslân, ek yn it teken fan de aksje. Minsken kinne bygelyks in foto meitsje by harren aksje of yn de supermerk dy’t meidocht. Alle foto's binne werom te finen yn in spesjale galery op de website.

Neist alle aksjes wurdt der hurd wurke oan in Frysk Voedselbankliet. De tekst wurdt fersoarge troch Wiebe Kaspers en Jan Tekstra. Utfierende artysten binne ûnder oaren: Iris Kroes, Jack Bottleneck, Harm van der Meer en it ‘Frysk All Star Koar'. De premjêre fan it liet en de bybehearrende klip is op 5 desimber. Yn de live útstjoering op de slotdei fan de aksje op 19 desimber wurdt it liet live spile.

Samen voor de Voedselbank is in inisjatyf fan 13 regionale omroppen yn Nederlân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)