Publyk wurdearret Omrop Fryslân

25 apr 2016 - 14:36

Omrop Fryslân Radio bliuwt fierwei merklieder yn Fryslân. Yn maart binne de harksifers op ‘e nij omheech gien. Dat docht bliken út de lêste mjitting fan it NLO, het Nationaal Luister Onderzoek. Dat ek de oare media fan Omrop Fryslân wurdearre wurde troch it publyk docht bliken út ûndersyk fan ûndersyksburo Kien. Goed twatredde fan de ynwenners fan Fryslân makket gebrûk fan de media fan Omrop Fryslân en it publyk jout de Omrop in 7,7.

Yn it lêste ûndersyk fan Kien is te sjen dat it gebrûk fan alle media fan Omrop Fryslân; telefyzje, radio, ynternet en de app omheech gien is. 68% fan de Friezen brûkt de media fan de Omrop. Trijekwart fan alle Friezen sjocht wolris nei Omrop Fryslân Telefyzje en de helte fan alle Friezen harket wolris nei Omrop Fryslân Radio. Ek de ynternetside, Teletekst en de app wurde troch hieltyd mear Friezen brûkt.

Dat Omrop Fryslân wurdearre wurdt troch it publyk is ek te sjen yn it rapportsifer; in 7,7. De heechste wurdearring fan de lêste fiif jier. Ien fan de harkers en sjoggers seit dêroer: “Deze omroep is in mijn optiek de beste zender van Nederland. Buitengewoon hoogwaardige kwaliteit van verslaggeving, zeer goed camerawerk in met name de reportages”. De telefyzje- en radioprogramma’s krije fan de panelleden fan Kien ek moaie rapportsifers, yn trochsneed in 7,8 en in 7,6. De meast wurdearre programma’s krije in 8,5.

Omrop Fryslân en de oare twa noardlike regionale omroppen litte alle fearnsjierren ûndersyk dwaan troch ûndersyksburo Kien. It ûndersyk wurdt útfierd ûnder in online panel fan sa’n 1.000 minsken.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)