Profronde fan Surhústerfean en it hurdfytskafee

23 jul 2015 - 14:55

Live by Omrop Fryslân

Op de slotdei fan de Tour de France komt Omrop Fryslân op snein 26 july mei:
‘It hurdfytskafee’. In radioútstjoering folslein yn it ramt fan de hurdfytserij, live út in
tinte wei yn it sintrum fan Surhústerfean. Dat allegear foarôfgeand oan de Profronde
fan Surhústerfean, dy’t op tiisdei 28 july fytst wurdt. Omrop Fryslân jout wiidweidich
omtinken oan de Profronde op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.

Hurdfytskafee
Omrop Fryslân iepenet it hurdfytskafee op snein 26 july, in dei nei de Pieter Weening Classic
en twa dagen foar de Profronde fan Surhústerfean. Wat fierder fan hûs, yn Parys, wurdt dy
sneins de finish ferriden fan de Tour de France, dy’t dit jier yn Nederlân fan start gie. Yn it
hurdfytskafee wurdt fan 13.00 oant 18.00 oere mei in grut tal promininte Friezen en
sportleafhawwers sjoen nei al dy hurdfytshichtepunten. Tagelyk is dat it momint dat Johan
Terpstra syn debút makket as radiopresintator fan Omrop Fryslân. Ferslachjouwer Andries
Bakker hâldt ynterviews op ferskate lokaasjes.

Profronde fan Surhústerfean
Op tiisdei 28 july hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de Profronde fan
Surhústerfean. Middeis docht Koos Wieling op ‘e radio ferslach fan it ‘kritearium foar froulju’
en it ‘kritearium foar elite en beloften’. De striid tusken de beropshurdfytsers wurdt fan 19.00
oere ôf live útstjoerd. Op radio dogge Sjoerd Marten Vrieswijk en Andries Bakker ferslach.
Op televyzje fersoarget Koos Wieling it kommentaar mei help fan âld-hurdfytsprof Wiebren
Veenstra. De presintaasje is yn hannen fan Roelof de Vries. Fan de start oant de
priisútrikking, it is allegear te folgjen op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.

Hurdfytskafee op snein 26 july:
Fan 13.00 oant 18.00 oere op Omrop Fryslân Radio.

Profronde fan Surhústerfean op 28 july:
Middeis live radioferslach fan it ‘kritearium foar froulju’ en it ‘kritearium foar elite en beloften’.
Fan 19.00 oere ôf op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)