Primeur: radioprogramma tagelyk op trije regionale omroppen

16 jun 2014 - 12:39

Jubileumútstjoering Radio Froskepôle op Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord

Foar it earst is in radioprogramma tagelyk en yntegraal te hearren op de regionale stjoerders RTV Drenthe, RTV Noord en Omrop Fryslân. In primeur. De spesjale edysje fan it programma ‘Radio Froskepôle’ wurdt útstjoerd nei oanlieding fan de 1500ste útstjoering fan dat streektaalmuzykprogramma fan Omrop Fryslân. It programma is op tongersdei 19 juny tusken 18:00 en 20:00 oere te hearren yn Fryslân, Drinte en Grinslân.

De jubileumútstjoering wurdt presintearre troch de trije streektaalpresintatoaren fan de omroppen: Henk Scholte fan RTV Noord, Bert Kamping fan RTV Drenthe en Gurbe Douwstra fan Omrop Fryslân. Neist presintator binne de mannen ek alle trije streektaalsjonger. Dat litte sy ek hearre yn de twa oeren duorjende live-útstjoering fan ‘Radio Froskepôle’. Henk Scholte nimt as gitarist Bert Ridderbosch mei en Bert Kamping sil as gast sjongeres Hedwig meinimme. Dêrneist is der live-muzyk fan de Fryske groep ‘The Doarmers’ út Warkum te hearren.

Yn 1999 sette ‘Radio Froskepôle’ útein as wykliks streektaalprogramma op Omrop Fryslân Radio. Sûnt jannewaris 2011 is it programma alle dagen, fan moandei oant en mei freed, te hearren tusken 18:00 en 19:00 oere. Altyd mei presintator Gurbe Douwstra. Syn kollega Henk Scholte fan RTV Noord hat op syn minst al like lang it streektaalmuzykprogramma ‘Twei deuntjes veur ain Cent’ dat op deselde dagen en tiden útstjoerd wurdt. Bert Kamping is in pear jier ferlyn op RTV Drenthe úteinset mei it programma ‘Op Streek’ op de sneintemiddei fan 15:00 oant 17:00 oere. De trije programma’s jouwe in protte omtinken oan de muzyk yn de talen fan de eigen regio. Elke presintator sil yn dizze jubileumútstjoering syn favorite streektaalmuzyk hearre litte.

Noat foar de redaksje:
Foto: Gurbe Douwstra
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei: Jitske de Hoop (Marketing & Kommunikaasje) fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)