Premjêre nije televyzjesearje Oare Eagen

14 jan 2015 - 15:13

Freed 16 jannewaris yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert

Hoe ferskillend tinke jongerein en âlderein oer ûnderwerpen lykas relaasjes, polityk, foaroardielen of noarmen en wearden? Se geane deroer yn diskusje yn ‘Oare Eagen’. Dy nije searje fan Omrop Fryslân is makke troch studinten fan NHL Hogeschool. Oare Eagen giet freed 16 jannewaris yn premjêre yn stedsskouboarch De Harmonie.

Oare Eagen is in diskusjeprogramma oer maatskiplike tema’s. Yn it programma nimme jongerein en âlderein earne yn Fryslân plak op de Fryske diskusjebank en jouwe se harren miening oer ien fan de tema’s. De searje bestiet út sân ôfleverings fan likernôch acht minuten en is fan 2 febrewaris ôf te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Oare Eagen is betocht en produsearre troch kommunikaasjestudinten fan NHL Hogeschool. Op de premjêre wurde twa ôfleverings fertoand en fertelle de studinten oer harren produksje. De presintaasje fan de jûn leit ek yn hannen fan de kommunikaasjestudinten.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân, 058 299 78 76 / mk@omropfryslan.nl of fia Simone Coenen, kommunikaasjestudinte NHL Hogeschool Ljouwert: coen1000@student.nhl.nl / 06 1700 7763.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)