Premjêre dokumintêre ‘Missy Slagge?’

06 nov 2015 - 17:30

Op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert giet op freed 13 novimber 2015 de dokumintêre ‘Missy Slagge?’ yn premjêre. In film fan Anne van Slageren oer it sindingswurk fan syn heit en de famylje yn Kameroen. De dokumintêre is makke yn opdracht fan Omrop Fryslân. ‘Missy Slagge?’ wurdt yn jannewaris 2016 yn twa dielen útstjoerd by Omrop Fryslân en by NPO2.

‘Missy Slagge?’ giet oer de Fryske sendingspredikant Jaap van Slageren dy’t yn 1963 mei syn frou Tinie Oost en harren krekt berne soan Anne nei Kameroen gie. De famylje, twa jier letter útwreide mei de dêr berne dochter Krista, bleau der tsien jier.

Jaap van Slageren kaam der efter dat him al in protte misjonarissen foargien wiene en it kristendom net allinnich troch blanken nei Kameroen brocht wie. Hy skreau dêr in boek oer dat bekend wurden is. Syn frou Tinie skreau ek. Wykliks stjoerde sy in brief nei Fryslân oer in lân dat yn it begjin sa fier fan har ôf like te stean. Doe’t sy yn 1989 ûngenêslik siik bliek, ferwurke se de brieven ta in deiboek. No rom fyftich jier letter reizget Anne, histoarikus en filmmakker, mei syn heit en sus nochris werom nei Kameroen. Mei de fraach: wat is de betsjutting west fan harren ferbliuw dêr? Foar de minsken yn Kameroen en foar harrensels.

In trailer fan de film en mear ynformaasje oer de premjêre is te finen op: http://noordelijkfilmfestival.nl/films/missie-geslaagd/.

Noat foar de redaksje / Utnoeging foar de parse
Graach noegje wy jo út foar de premjêre fan ‘Missy Slagge?’ op freed 13 novimber om 16.30 oere yn Stedsskouburch De Harmonie, Ruiterskwartier 2 yn Ljouwert.
Foar mear ynformaasje en oanmelden kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)