Opnamen televyzjesearje De Koers

16 jul 2015 - 14:26

Yn Ryptsjerk en de Westereen

Yn Ryptsjerk en de Westereen wurdt fan 20 oant en mei 29 july filme foar in nije searje fan Omrop Fryslân. By de opnamen sille grutte groepen hurdfytsers filme wurde dy’t twa wedstriden fytse. Ien yn Ryptsjerk en ien yn de Westereen, wêrby publyk wolkom is.

De nije jongereinsearje ‘De Koers’ giet oer in talintfolle jonge hurdfytser dy’t op it punt stiet in profkontrakt te tekenjen as hurdfytser. Yn de striid mei syn konkurrint soe hy eins noch ien stap fierder gean moatte. Kin dat troch noch hurder te trainen, of moat er egoïstysker en falsker wêze nei de oaren ta? Fansels binne der ek stimulearjende middelen beskikber.

Hjirby kinne de bewenners fan beide plakken hinder ûnderfine. Op de dagen fan de opnamen binne stikken dyk ôfsetten en ek it ferkear kin somtiden tsjinhâlden wurde. Omrop Fryslân freget om begryp en hopet dat minsken meiwurkje wolle foar de feilichheid fan de akteurs en figuranten. Sa'n 70 hurdfytsfiguranten hawwe harren oanmeld om mei te fytsen by de opnamen. De searje is ein dit jier te sjen by Omrop Fryslân.

Oersjoch draaidagen:
• Moandei 20 july: tusken 8.00 en 19.00 oere grutte groep hurdfytsers yn omjouwing Ryptsjerk.
• Tiisdei 21 july: tusken 8.00 en 18.30 oere lytse ploech hurdfytsers yn omjouwing Burgum.
• Tongersdei 23 july: tusken 8.00 en 19.00 oere start en finish wedstriid 1 yn Ryptsjerk mei alle hurdfytsers. De Slachtedyk is dan ta hichte fan de tsjerke ôfsletten.
• Moandei 27 july: tusken 12.00 en 17.00 oere yn de buert fan de Egbert Baarsmastrjitte, Toerstrjitte, Salomon Levystrjitte en Eyssemawei yn de Westereen.
• Tiisdei 28 july: tusken 8.00 en 18.30 oere start en finish wedstriid 2 yn de Westereen mei alle hurdfytsers. Dan is in part fan de Egbert Baarsmastrjitte ta hichte fan de tsjerke ôfsetten.
• Woansdei 29 july: tusken 8.00 en 17.00 oere grutte groep hurdfytsers yn omjouwing de Westereen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)