Op syk nei de keunst en kultuer yn Fryslân

10 jul 2015 - 15:30

Nij by Omrop Fryslân: Ik bin benijd!

Fryslân en har keunst en kultuer. Trije saken dy’t ûnskiedber mei-inoar ferbûn binne. Yn it nije programma ‘Ik bin benijd!’ fan Omrop Fryslân gean kandidaten op syk nei de keunst en kultuer yn Fryslân. Want, witte minsken eins wol hoefolle keunst en kultuer der yn ús provinsje te finen is? Minsken dy’t dêr benijd nei binne, kinne harren no opjaan foar it programma fia www.omropfryslan.nl/ikbinbenijd.

Opjaan foar de searje kin allinnich of mei syn twaen. Je hoege gjin ferstân fan keunst en kultuer te hawwen om mei te dwaan. It wichtichste is entûsjasme foar de Fryske kulturele ûnderwerpen. Fan musea oant foarstellings en fan moaie rûtes kuierje oant in evenemint. Yn ‘Ik bin benijd!’ is it alle kearen wer in ferrassing foar de kandidaten wat foar keunst en kultuer sy no wer tsjin komme. En wannear’t it even kin, dogge de kandidaten ek aktyf mei troch bygelyks wat te meitsjen as sy by in aktiviteit binne.

De opnamen foar de searje wurde fan ’t hjerst makke. Yn novimber wurdt ‘Ik bin benijd!’ útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)