Omrop Fryslân yn aksje foar de Voedselbank

11 nov 2014 - 12:19

By Omrop Fryslân is op tiisdei 11 novimber in grutskalige aksje foar de Voedselbank fan start gien. Oan ynwenners fan de provinsje, ferienings en klups wurdt frege de kommende wiken aksjes op tou te setten om hâldber itensguod yn te sammeljen en dy tusken 8 en 19 desimber nei Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei yn Ljouwert te bringen. In grut tal supermerken wurket dy lêste twa wiken oan de aksje mei.

Yn Fryslân wurde lykas yn hiel Nederlân hieltyd mear minsken ôfhinklik fan de itensbank. De Voedselbanken yn Fryslân sette de skouders derûnder om al dy minsken alle dagen wer fan iten te foarsjen. Dêr binne in hiel soad produkten foar nedich. Omrop Fryslân en noch tolve oare regionale omroppen roppe de kommende wiken op aksje te fieren foar de Voedselbank om de foarrieden yn harren depots oan te foljen.

De earste aksjes binne al bekend. Ynwenners fan Wynjewâld binne op 12 desimber yn midsieuske sfearen om guod yn te sammeljen. Yn Grou kinne minsken op sneon 13 desimber harren produkten by in autentyk skûtsje ynleverje. It skûtsje wurdt nei Ljouwert syld om it guod by Omrop Fryslân te bringen.

Aksjes kinne oanmeld wurde op www.omropfryslan.nl/voedselbank, de redaksje siket aksjes út foar it meitsjen fan reportaazjes. Op de site is ek in oersjoch te finen fan de dielnimmende supermerken, it lêste nijs oer de aksje en de reportaazjes dy’t makke wurde.

Op radio, televyzje en ynternet is rom omtinken foar de aksje foar de Voedselbank. Aksjefierders dy’t harren guod bringe, binne te sjen op de webcam en kinne harsels fia in grut skerm op de foto sette. Omrop Fryslân slút de aksje ôf mei in live-televyzjeprogramma op 19 desimber.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)