Omrop Fryslân wint wichtige Europeeske priis

11 apr 2017 - 07:38

Prix Circom Regional Award foar Kening Hert & Harry Hazze

It berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze fan Omrop Fryslân hat in Prix Circom Regional Award wûn. Dat is op 11 april bekend wurden. De Prix Circom Awards binne de meast prestizjeuze Europeeske prizen foar programma’s fan regionale omroppen. De ôflevering ‘De do is dea’ fan Kening Hert & Harry Hazze wûn yn de kategory Amusemint.

Programmamakker Feije van der Meer is tige bliid mei de award: “Fiif jier lyn binne wy mei in missy begûn: de missy om in prachtich edukatyf berneprogramma te meitsjen. Yn dy fiif jier hawwe wy fansels hiel wat hobbels en tsjinslaggen oerwûn. Dat wy no dizze priis wûn hawwe fielt as binne wy Europeesk kampioen wurden.”

De priis, in spesjaal ûntwurpen trofee en in jildbedrach fan € 2000,- wurdt op 25 maaie útrikt op it Prix Circom Regional Gala yn Ponta Delgada op de Azoren (Portugal). Ek de reis nei en it ferbliuw op de Azoren hearre by de priis. Yn totaal wurde der yn tsien kategoryen awards útrikt. Dêrneist is der ek noch de ‘Grand Prix’, foar it bêste programma út alle ynstjoeringen.

Kening Hert & Harry Hazze wurdt útfierd mei poppen en akteurs en is bedoeld foar bern út groep 1 en 2 fan it basisûnderwiis. De ôflevering ‘De do is dea’ is útstjoerd yn it ramt fan de Nasjonale Deadebetinking fan 2016. Foar bern is de dea in ûnderwerp dêr't net in protte oer praat wurdt. Dêrom makke Omrop Fryslân dizze ôflevering dy’t yngiet op (berne)fragen oer de dea. De programmamakkers woene it ûnderwerp besprekber meitsje foar bern (en harren âlden). Feije van der Meer: "Der is gjin libben sûnder dea. Bern krije op in gegeven momint mei de dea te krijen.” Dat programma-idee en ek it unike konsept fan it programma is no beleanne mei dizze Europeeske priis.

De winnende ôflevering is te besjen fia de folgjende link: Omropfryslan.nl/utstjoering/kening-hert-en-harry-hazze-fan-4-maaie-2016-1100.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de Prix Circom Regional op: http://www.circom-regional.eu/prix-2017.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)