Omrop Fryslân-wike foar bern dy’t yn earmoede libje

04 maaie 2017 - 15:28

‘De pot moat leech...’ oer it wurk fan Stichting Leergeld

Hoe is it as je as bern net meidwaan kinne oan sport of in skoalreiske om’t der gjin jild foar is? En hoe moatte je húswurk meitsje as je sels gjin laptop hawwe? Yn Fryslân binne der noch hieltyd bern dy’t yn earmoede opgroeie en dêrom net meidwaan kinne oan aktiviteiten dy’t foar oare bern hiel gewoan binne. Stichting Leergeld is der om sokke bern te helpen, mar noch net elkenien wit de stichting te finen. Dêrom is der fan 8 oant en mei 12 maaie by Omrop Fryslân de spesjale wike ‘De pot moat leech...’.

It is in maatskiplik probleem, bern dy’t yn earmoede opgroeie. Sosjaal isolemint driget as in bern net meidwaan kin oan sport of oare aktiviteiten. Stichting Leergeld helpt yn Fryslân tûzenen bern om wol meidwaan te kinnen of om bygelyks in jierdei feestlik fiere te kinnen. Ien fan dy bern is Manoesch Wouwenaar. It bedriuw fan heit Arend gie yn 2015 fallyt en dat hie ek in grutte impact op de bern. Manoesch sit yn 5 VWO en de skoalreis gie nei Rome. Thús wie dêr gjin jild foar, mar mei help fan de Stichting Leergeld koe se dochs mei: “Het was ontzettend leuk. Het is echt iets waar je over 30 jaar nog aan terugdenkt. Het was een ervaring.” De bern fan Marleen de Vries kinne mei help fan de stichting sporte, op muzykles en harren húswurk meitsje op in laptop. Marleen: “As Stichting Leergeld der net wie dan koene de bern dat allegearre net, want ik kin it net betelje.”

Dochs wit noch lang net elkenien it paad nei Stichting Leergeld te finen. Fan 8 oant en mei 12 maaie is der dêrom by Omrop Fryslân ekstra omtinken foar it wurk fan de stichting. Mei reportaazjes en ynformaasje op radio, telefyzje en online. En mei persoanlike ferhalen fan minsken dy’t troch de stichting holpen binne, lykas Manoesch en Marleen. Dat alles is fan moandei ôf te finen op: Omropfryslan.nl/leergeld. Sjoch foar mear ynformaasje oer Stichting Leergeld ek op: Leergeld.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)