Omrop Fryslân werhellet dokumintêre oer Thom Mercuur

22 jan 2016 - 16:16

Omrop Fryslân werhellet dit wykein de dokumintêre ‘Museumdream’ oer Thom Mercuur en museum Belvédère. De eardere museumdirekteur en keunstsamler is ôfrûne tiisdeitenacht ferstoarn. Mercuur wie de oprjochter fan museum Belvédère yn Oranjewâld, dat yn 2004 iepene waard troch keninginne Beatrix. Ek stiet hy bekend as kenner en ûntdekker fan moderne Fryske keunstners.

Mercuur soarge derfoar dat de keunst fan Bregman, Benner, Mankes en van Althuis nasjonaal bekend waard. Yn 1970 waard hy direkteur fan ‘t Coopmanshûs yn Frjentsjer.
Dêr organisearre hy ûnder oaren in grutte tentoanstelling oer it libben en wurk fan Jopie Huisman. Fierder brocht er ek it wurk fan keunstner Sjoerd de Vries ûnder de oandacht.
Acht jier letter begûn Mercuur by it Fries Museum en organisearre dêr tentoanstellings. Dêrnei begûn hy mei Jaap Wolters by it spoar by Dronryp it fiskrestaurant 'Op Hatsum'.

Thom Mercuur hat jierrenlang wurke oan de oprjochting fan in museum foar moderne keunst yn Fryslân. Plannen foar sa’n museum oan de Tsjûkemar waarden net realisearre. Yn 2004 makke hy syn dream wol wier mei in museum foar moderne keunsten yn Oranjewâld. De lêste jierren wenne Mercuur yn it Tripgemaal by Gersleat dêr’t hy ek in galery hie. Thom Mercuur is 75 jier wurden. De dokumintêre ‘Museumdream’ is makke troch Geart de Vries en is sneontejûn om 22.15 en 23.15 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Op snein 24 jannewaris is de dokumintêre om 12.00, 13.00, 14.00 en 15.00 oere te sjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)