Omrop Fryslân tusken de bisten

18 mrt 2016 - 09:01

‘Us dieretún’ fan 27 maart ôf op Omrop Fryslân Telefyzje

In fernijde dieretún yn Ljouwert mei nije bisten derby. Om de ûntwikkelingen rûnom AquaZoo kin eins gjinien mear hinne. Yn de spiksplinternije searje ‘Us dieretún’ folget Omrop Fryslân de ûntwikkelingen fan it fernijde AquaZoo. Hoe komt it mei de ferwachte iisbearen, hoe geane alle meiwurkers om mei de fernijingen en slagget de trochstart?

Neffens programmamakker Herman Zeilstra is it in unyk programma dêr’t minsken sjogge wat der allegear bard by AquaZoo. Herman: “Dat de doarren fan AquaZoo sá iepenstean is fansels unyk. Wy mochten oeral komme en dat lit AquaZoo fan in hiele oare kant sjen.”

Sûnt de oername fan AquaZoo is der al it ien en oar yn de dieretún feroare. Mar noch hieltyd komme der feroaringen oan. Nije bisten, nije ferbliuwen foar de bisten en kursussen foar de meiwurkers. Ek dy meiwurkers hawwe in wichtige rol yn it programma, sy komme dan ek meardere kearen oan it wurd. “Meiwurkers fertelle yn de searje fol passy oer harren wurk en de leafde foar de bisten”, seit Herman. Mar ek besikers fan de tún komme oan it wurd, de titel fan it programma is net foar neat: ‘Us dieretún’.

Yn de earste útstjoering op snein 27 maart is te sjen hoe’t twa seeliuwen oankomme by AquaZoo. De seeliuw is ien fan de bisten dy’t nij binnen kaam is by AquaZoo.

De searje ‘Us dieretún’ is fan snein 27 maart ôf sechstjin sneinen te sjen om 17.30 oere op Omrop Fryslân Telefyzje. De útstjoering wurdt dy wike dêrnei alle wurkdagen werhelle om 16.45 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)