Omrop Fryslân presintearret: de caravanrace

02 mrt 2017 - 12:51

Live by de Kings Battle op 27 april yn Blauhûs

De populariteit fan crosse en race is grut yn Fryslân. Op 27 april stiet Speedway Blauhûs wer fol mei racefanatisy foar de spektakulêre Kings Battle. Omrop Fryslân sit dêr boppe-op, mei in Omrop caravanrace en live-ferslach op radio, telefyzje en online.

It idee foar de Omrop Fryslân caravanrace is ienfâldich: wa rydt it langst mei de (hiele) caravan oer it parkoers en wint de Omrop-bokaal? Opjaan foar de race kin op
Fac-autocross.nl/inschrijving. Sjoch foar de regleminten fan de Omrop caravanrace op:
Fac-autocross.nl/reglementen.

Omrop Fryslân is dit jier foar it earst live by de Kings Battle yn Blauhûs. Alle wedstriden binne live te folgjen op telefyzje en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Hâld Omropfryslan.nl/racing yn ‘e gaten foar mear ynformaasje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)