Omrop Fryslân parkearret op de Sintrale As

29 sep 2016 - 11:36

Mar leafst 9 kilometer oan bedriuwepresintaasjes, demonstraasjes en oare aktiviteiten. Op sneon 1 oktober fynt de langste hannelsrûte fan Nederlân plak op de nije autodyk ‘de Sintrale As’. Omrop Fryslân is hjir by en stiet live mei it radioprogramma ‘Sneon yn Fryslân’ parkearre op de rûte. Sa is alles live te folgjen fia radio en telefyzje.

Fan 13.00 oant 18.00 oere presintearret Diana de Groot live fan de Sintrale As ôf it radioprogramma ‘Sneon yn Fryslân’. Op telefyzje is it evenemint al fan 12.00 oere ôf te folgjen. Gasten skowe oan en der fine petearen plak mei minsken dy’t op it evenemint oanwêzich binne. It sil ek ien fan de lêste mominten wêze dat rinnen op de dyk mooglik is, de folgjende kear sil mei de auto wêze. Ferslachjouwer Timo Jepkema is de hiele middei op de dyk te finen, hy giet op syk nei nijsgjirrige aktiviteiten en besjocht wêr’t elkenien mei dwaande is. Omrop Fryslân is te finen njonken de ovonde by Quatrebras.

Yn ferbân mei de lansearring fan Klipkar TV by Kabelnoord, treedt sjonger Jelle B oan it begjin fan de middei op by Omrop Fryslân.

Foarút mei de handel op de Sintrale As
Omrop Fryslân Radio: Sneon yn Fryslân fan 13.00 oant 18.00 oere
Omrop Fryslân Telefyzje: fan 12.00 oant 17.00 oere

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, tel: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)