Omrop Fryslân op it Noordelijk Filmfestival

04 nov 2015 - 14:39

Fan tongersdei 12 oant en mei sneon 14 novimber

Trije dagen lang televyzje yn it teken fan de film. Omrop Fryslân Televyzje is dit jier ek op it Noordelijk Filmfestival. Fan tongersdei 12 oant en mei sneon 14 novimber stjoert de Omrop in televyzjemagazine út mei in film as finale.

De trije magazines wurde makke yn it hert fan it festival: de foyer fan Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Mei petearen mei filmmakkers en besikers en moaie reportaazjes en nijsgjirrige filmtips. It magazine slút alle jûnen ôf mei in film.

Op tongersdei 12 novimber stiet it Noarske drama ‘King of Devil’s Island’ op it programma, de iepeningsfilm fan it Filmfestival yn 2011. Freed 13 novimber binne twa films sjen fan jong talint út de Nieuwe Noordelijke Oogst: de sciencefiction film ‘Gliese 581’ en de humoristysk-absurdistyske film ‘De Lullige Levensloop van een saaie man’. Sneon 14 novimber wurdt de prachtige IIslânske film ‘Volcano’ útstjoerd.

Noordelijk Filmfestival by Omrop Fryslân:
Fan tongersdei 12 oant en mei sneon 14 novimber fan 21.00 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje. It magazine is ek online te sjen fia www.omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)