Omrop Fryslân nominearre foar 3 NL-Awards

01 mrt 2016 - 16:33

Omrop Fryslân is yn trije kategoryen nominearre foar in NL-Award. De NL-Awards binne de jierlikse prizen foar produksjes fan de regionale omroppen. Mei dy trije nominaasjes is Omrop Fryslân mei twa oare regionale omroppen in útsjitter. De kategoryen dêr’t de Omrop in kâns yn makket om te winnen binne ‘Beste radioprogramma’, ‘Beste TV-programma’ en ‘Documentaire’.

Omrop Fryslân is nominearre yn de kategory ‘Beste radioprogramma’ mei it programma Buro de Vries. Yn it programma wurde aktualiteiten oanhelle en eftergrûnen by it nijs brocht. Benammen de minsklike kant fan it ferhaal stiet sintraal. Yn de ôflevering dy’t nominearre is, sit ûndere oare in reportaazje makke op it ûnbewenne eilân Griend. Programmamakker Geartsje de Vries hat har earste ûnderfining mei dat bysûndere plak yn de Waadsee. Fierder in reportaazje oer in kapper út Syrië. Hy wennet al 15 jier yn Fryslân, mar wol it leafst werom. Nei oanlieding fan de opfang fan flechtlingen makke Buro de Vries in dokumintêre oer de opfang fan Fjetnamese flechtlingen tusken 1979 en 1981 yn it lytse doarp Earnewâld.

De twadde nominaasje is foar it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek yn de kategory ‘Beste TV-programma’. Tsjek is in wykliks edukatyf programma yn de Fryske taal, foar de boppebou fan basisskoallen yn Fryslân. Mei ynteressante nijtsjes, edukative reportaazjes en moaie rubrykjes. Yn de ôflevering dy’t nominearre is, is presintator Raynaud Ritsma op School Lyndensteyn, in skoalle foar bern mei in beheining. Benammen de iepen wize wêrop’t Raynaud mei de bern omgiet en mei se yn petear giet, makket dizze Tsjek bysûnder. De reportaazjes slute oan by de lokaasje en jouwe ekstra ynhâld oan it programma.

De lêste nominaasje yn de kategory ‘Documentaire’ is foar de dokumintêre ‘Rûchhouwers, libje foar de cross’. Yn Fryslân lûke autocross-eveneminten alle simmers in soad leafhawwers. Programmamakker Wilfried Bijma besjocht yn de dokumintêre de sport fan tichteby. Wêrom is autocross sa populêr en watfoar minsken crosse der eins? Bangerracen is de meast ekstreme foarm fan autocross. Opfallend binne ek de froulju dy’t oan dy sport dogge, ien fan harren rekket sels yn de auto bewusteleas.

De NL-Awards binne in inisjatyf fan Stichting ROOS, om de kwalitatyf heechsteande produksjes fan publike, regionale omroppen mear ûnder de oandacht te bringen. De
NL-Awards wurde útrikt op woansdei 16 maart wilens de ROOS-dagen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)