Omrop Fryslân live by Polo Riis

05 sep 2017 - 09:42

Omrop Fryslân komt op sneon 16 en snein 17 septimber streekrjocht mei de radioprogramma’s Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân fan Polo Riis ôf. Polo Riis is it grutste polo evenemint fan Fryslân. De stjoerder dûkt dit jier yn de wrâld fan de polosport mei live radio-útstjoeringen en oare aktiviteiten dêr't elkenien oan meidwaan kin.

Johan Terpstra ruilet de radiostudio yn foar in plak yn de iepen loft by Polo Riis. Op it poadium fan Omrop Fryslân, dat by dat hynstespektakel stiet, presintearret hy op sneon- en sneintemiddei live radio. De programma’s Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân mei Johan Terpstra binne op sneon 16 en snein 17 septimber te hearren, en op sneon ek te sjen op telefyzje, fan 13.00 oant 18.00 oere.

Op it Omrop Fryslân poadium kinne minsken sels ûnderfine hoe’t it is om foar in kamera te stean. Dûk yn de Fryslân Hjoed-studio en presintearje ien fan de autocue teksten. Fierder is it promoasjeteam ek by Polo Riis oanwêzich mei in moaie aksje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)