Omrop Fryslân live op beurs Vrouw!

27 feb 2017 - 12:21

Omrop Fryslân komt op 11 en 12 maart streekrjocht fan beurs Vrouw! yn Ljouwert ôf, it grutste frouljusevenemint fan Fryslân. De stjoerder dûkt dit jier yn de wrâld fan moaiens, moade en sûnens, mei live radio-útstjoeringen en oare aktiviteiten dêr't elkenien oan meidwaan kin.

Altyd al nijsgjirrich west nei hoe't it is om foar in kamera te stean? Underfine hoe't it is om co-host te wêzen fan de presintator fan Fryslân Hjoed? Kom dan nei it beurspoadium fan Omrop Fryslân op beurs Vrouw! Lykas by echte co-hosts wurdt elkenien earst ree makke foar de kamera. Dêrnei stiet op de autocue de tekst klear en in kundige Omropper jout presintaasjetips. Wêrnei’t minsken sels in minút lang presintearje kinne. Dat alles wurdt foar de ‘co-hosts foar ien minút’ fêstlein.

Neist it spektakel fan Fryslân Hjoed wurdt der op it beurspoadium fan Omrop Fryslân op sneon- en sneintemiddei live radio makke. Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân mei alles oer de beurs Vrouw! binne op sneon 11 en snein 12 maart te hearren, en op sneon ek te sjen, fan 13.00 oant 18.00 oere. En fansels is it promoasjeteam dy dagen ek oanwêzich mei in moaie aksje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)