Omrop Fryslân it meast nominearre foar NL-Awards

23 feb 2017 - 12:28

Omrop Fryslân is yn seis fan de sân kategoryen nominearre foar in NL-Award. De Omrop hat dêrmei de measte nominaasjes yn de wacht sleept. De NL-Awards binne de jierlikse prizen foar produksjes fan de regionale omroppen. De kategoryen dêr’t de Omrop in kâns yn makket om te winnen binne: ‘Duiding’, ‘Beste TV-programma’, ‘Beste radioprogramma’, ‘Beste Online-project, ‘Documentaire’ en ‘Vernieuwend’.

Yn de kategory ‘Duiding’ is Omrop Fryslân nominearre mei ‘Mohamed’, in rige reportaazjes fan Simone Scheffer oer de Syryske famylje Haj Ali dy’t in septimber 2015, nei in lange reis, yn de krisisopfang fan Harns terjochte kaam. De ferslachjouwer folge in jier lang harren paad troch Noard-Nederlân.

It berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze is nominearre yn de kategory ‘Beste TV-programma’ mei de ôflevering ‘De Do is Dea’. Kening Hert & Harry Hazze wurdt útfierd mei poppen en akteurs en is bedoeld foar bern út groep 1 en 2 fan it basisûnderwiis. De ôflevering is útstjoerd yn it ramt fan de Nasjonale Deadebetinking.

Yn de kategory ‘Beste radioprogramma’ is de radiodokumintêre ‘Burn-out by jongeren’ fan Annagreet Miedema nominearre. Hoe komt it dat hieltyd mear jongeren in burn-out krije? Yn de dokumintêre fertelt Annagreet, twa jier nei’t sy in burn-out krige, har persoanlike ferhaal.

By de nominaasjes foar ‘Beste Online-project’ is ‘De Camper’ ien fan de nominearren. De camper ried ôfrûne simmer sân wiken lang, sân dagen yn de wike troch de provinsje. Alle dagen krigen twa crossmediale ferslachjouwers moarns te hearren wêr’t sy dy deis hinne gean soene en wat se dwaan soene.

‘It Swarte Goud’ is nominearre yn de kategory ‘Documentaire’. It Swarte Goud is in rige dokumintêren oer de betsjutting fan it Frysk hynder as eksportprodukt, mar ek as symboal fan de Fryske identiteit. Yn de maitiid fan 2016 waard it ras offisjeel útroppen ta moaiste hynder fan ‘e wrâld.

De lêste nominaasje is foar de programmasearje ‘Fiel de Nacht’. Presintator Bart Kingma ûntfangt dêryn op in prachtige lokaasje op Flylân fiif gasten (bekende Friezen). Hy bringt de nacht mei harren troch yn in mobile studio op in sânplaat en harren petearen waarden 9 oeren lang live streamd.

De NL-Awards binne in inisjatyf fan Stichting ROOS, om de kwalitatyf heechsteande produksjes fan publike, regionale omroppen mear ûnder de oandacht te bringen. De NL-Awards wurde útrikt op woansdei 22 maart by de ROOS-dagen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)