Omrop Fryslân HD en Klipkar TV by Kabelnoord

12 sep 2016 - 10:25

Fan hjoed ôf is Omrop Fryslân Telefyzje foar alle klanten fan Kabelnoord te sjen yn HD-kwaliteit. De provider is dêrmei de earste dy’t Omrop Fryslân Telefyzje yn HD-kwaliteit útstjoerd. Dêrneist is Klipkar TV taheakke oan it Kabelnoordpakket ‘Familie’, hokker de hiele moanne oktober fergees te besjen is foar alle digitale telefyzje abonnees. Jelle B trapet de lansering op sneon 1 oktober feestlik ôf wilens ‘Foarút mei de handel’ op de Sintrale As.

Klanten fan Kabelnoord hoegge neat te dwaan om Omrop Fryslân yn HD-kwaliteit besjen te kinnen. Wannear de apparatuur HD-geskikt is wurdt Omrop Fryslân sûnder help yn HD toant. Is de apparatuur net HD-geskikt dan kriget de klant de SD-fariant fan de stjoerder.

Klipkar TV
Fryslân stiet stiif fan de bandsjes en muzikanten. Om dêr alles fan sjen te litten hat Omrop Fryslân Klipkar TV. De bêste pop út eigen provinsje! Klipkar TV is fan 1 oktober ôf by Kabelnoord te krijen yn it pluspakket ‘Familie’. Dit ekstra pakket is te krijen mei in digitale ûntfanger en smartcard. Op sneon 1 oktober jout sjonger Jelle B it startskot troch op in grutte reade knop te drukken by ‘Foarút mei de handel’ op de Sintrale As. Dêrmei is Klipkar TV beskikber foar de klanten fan Kabelnoord. Nei de lansering giet Jelle B op ‘en paad en jout hy húskeamerkonserten by klanten fan Kabelnoord. Klanten dy’t yn oanmerking komme wolle foar in konsert kinne dat trochjaan fia de webside fan Kabelnoord.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)