Omrop Fryslân fris fan start yn it nije telefyzjeseizoen

09 sep 2016 - 14:42

Nije programma’s, fertroude en nije gesichten, in nij dekôr en bekende eleminten: op moandei 12 septimber begjint Omrop Fryslân mei it nije telefyzjeszeizoen. De grutste feroaring yn dy programmearring is it deistich tv-magazine Fryslân Hjoed dat fan 17.00 oere ôf, alle oeren te sjen is.

“It nije programma Fryslân Hjoed slút oan by de hjoeddeiske tiid, wêryn’t it nijs hieltyd sneller by it publyk komt. Wat yn dy snelheid faak ûntbrekt binne saken as eftergrûn, djipgong en tsjutting. Dat is wat wy mei Fryslân Hjoed ta foegje geane foar ús publyk’’, sei haadredakteur Klaas Geert Bakker op de presintaasje fan de nije programmearring ôfrûne tongersdei.

Nei Fryslân Hjoed folget alle dagen It Waar, Hea! en it berneprogramma. De oeren dêrnei is der op dat tiidstip, om 18.45 oere, alle dagen in oar programma, as folget:

Moandei: Us dieretún
AquaZoo is it ôfrûne jier flink útwreide mei bisten en it park ûndergie ek fuort in flinke opknapbeurt. Omrop Fryslân folge de fernijingen op ‘e foet yn Us dieretún.

Tiisdei: It Polytburo
Yn it nagelnije polityk telefyzjeprogramma It Polytburo fiele presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken in (Fryske) politikus oan de tosk oer in aktueel ûnderwerp.

Woansdei: Weromrop.tv
Weromrop.tv: it fideo-argyf fan Omrop Fryslân. Yn it programma binne bylden fan Omrop Fryslân Telefyzje te sjen út it tiidrek 1985-2005. It fideo-argyf is ek 24 oeren deis online te besjen op Weromrop.nl.

Tongersdei: Stille skatten
Presintatrise Miranda Werkman giet foar dit nije programma Stille skatten by Fryske musea del om yn de kelder en op souder te sneupen. Ferstoppe tusken âld papier, stof en oar guod lizze skatten te wachtsjen om ûntdutsen te wurden.

Freed: Fryslân Hjoed sport
De freedsedysje fan Fryslân Hjoed duorret op tsien minuten langer as op oare dagen. Yn dy freedsedysje is der, njonken it lêste nijs, benammen in soad omtinken foar sport.

Mear ynformaasje oer de nije telefyzjeprogrammearring is te finen op: Omropfryslan.nl/nij.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of telefoanysk fia 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)