Omrop Fryslân bringt nije thriller Jacht

23 des 2014 - 10:10

Op sneon 3 jannewaris fan 17:00 oere ôf te sjen op Omrop Fryslân Televyzje

Yn de nije film ‘Jacht’ is it spannende ferhaal fan húsdokter Anjes te folgjen. De film is basearre op it koarte ferhaal ‘Zeewaardig Jacht’ fan Kaat Vink en spilet him folslein ôf yn Fryslân. Húsdokter Anjes har man hat in grut gat yn syn hân en sy hawwe dêrom te meitsjen mei slimme jildsoargen. Yn har wurk as húsdokter komt sy in gefal tsjin dat útkomst biede kin.

It ferhaal begjint mei in ferstoarne pasjinte fan húsdokter Anjes. De widner fertoant nuver gedrach. Dan ûntdekt húsdokter Anjes dat er syn frou fermoarde hat. Ynstee fan de plysje der by te heljen, beslút se fan de situaasje gebrûk te meitsjen en de man, dy’t miljonêr blykt te wêzen, ôf te parsen. Har man fertelt sy neat, allinnich dat sy út de jildsoargen binne. Har bêste freondinne Diana nimt se wol yn betrouwen. Diana is kardiolooch yn it pleatslike sikehûs en blykt de widner as pasjint te hawwen. It is al gau dúdlik dat de widner in eagje hat op Diana en dêrom beslute de twa froulju hjir gebrûk fan te meitsjen. It liket in hiel tûk plan om yn ien klap miljoenen yn te heljen, mar dan rint it dochs hiel oars dan sy fan te foarren tochten.

Yn Jacht spylje de akteurs Araliya Bosma (húsdokter Anjes), Arnold Dijkstra (man fan húsdokter Anjes) en Bert Wijers (ûnhandige moardner). Kardiolooch Diana wurdt spile troch Catharina Pinson. De film is regisearre troch Ids Aalbers, hy is ûnder oare bekend fan syn film ‘Anathema’ en syn resinte film ‘The Dutchess’ dy’t hy makke hat foar it 48 Hour Film Project. De muzyk yn de film is spesjaal komponearre foar Jacht en makke troch Sander Stienstra, de titelsong is ynsongen troch Atsje Lettinga en wurdt ek útbrocht op cd.

Jacht is op sneon 3 jannewaris te sjen op Omrop Fryslân Televyzje om 17:00 oere en dêrnei alle oeren nei Hjoed.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)