​Omrop Fryslân by Admiraliteitsdagen yn Dokkum

31 aug 2017 - 09:59

Noardewyn Live freed 8 septimber en jûnskonserten 8 en 9 septimber

Omrop Fryslân is folop oanwêzich by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Noardewyn Live docht de ôftraap op freed 8 septimber fan 13.00 oere ôf op De Markt mei ûnder oaren Jelle B en The Bounty Hunters mei Johannes Rypma. It programma is live te folgjen op radio, telefyzje en online. De jûnskonserten fan 8 en 9 septimber, mei artysten lykas Sharon Doorson en Jeroen van der Boom, binne ek te sjen. De konserten wurde yn gearwurking mei RTV NOF en RTV kanaal 30 live útstjoerd. By Omrop Fryslân binne se te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Op freedtejûn 8 septimber stiet de ‘Night of the Praams’ op it programma by de Admiraliteitsdagen. In konsert mei in grut orkest, Sharon Doorson, Xander de Buisonjé en ferskate gastartysten. Op sneontejûn is it poadium oan Adje en friends mei Jeroen van der Boom, Nielson en Miss Montreal. De konserten fan freed- en sneontejûn binne by Omrop Fryslân live te sjen fan 20.30 oere ôf op Omropfryslan.nl en de Omrop-app (livestream).

Mear ynformaasje te finen op: Omropfryslan.nl/aksje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, tel: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)