Noardewyn Live op ‘Befrijdingsfestival’: grutter as ea

28 apr 2017 - 12:17

Omrop Fryslân fiert de befrijing ek dit jier mei in eigen poadium mei live muzyk op it ‘Befrijdingsfestival’ yn Ljouwert. No grutter as ea; mei in spetterjende line-up, it Gouveneursplein as nije lokaasje en foar it earst giet it feest troch oant 21.00 oere jûns. Under oaren Elske DeWall, Vangrail en de Hûnekop sette it Noardewyn Live poadium op ‘e kop.

De lokaasje fan it Noardewyn Live poadium is dit jier foar it earst it Gouveneursplein yn Ljouwert. Ek de tiden feroarje; de optredens binne net allinnich middeis, mar ek jûns. Presintator Willem de Vries is tige bliid mei de feroaringen: “Acht oeren lang Noardewyn Live mei fantastyske acts en dat op in prachtige lokaasje. Moaier kin dochs hast net?!” Fia de livestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app is alles oant 21.00 oere live te folgjen.

Om 13.00 oere trapet de band Irish Stew ôf. Dêropfolgjend in optreden fan sjongeres Elske DeWall, dy’t nei The Passion it Noardewyn Live poadium op giet. Fierder spylje Vangrail, Jitizer, Gaatze Bosma, De Doelleazen en de Hûnekop.

Middeis binne dy optredens te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 16.00 oere wurdt de útstjoering op radio en telefyzje ôfsletten, mar giet it op it plein en de livestream gewoan troch. Mooi Wark, Vangrail en Jack Bottleneck soargje foar in spetterjende ôfsluting fan it befrijingsfeest.

Sjoch foar de eksakte tiden en line-up op: Omropfryslan.nl/noardewyn.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)