No ek: Tomkeradio

09 okt 2015 - 13:17

Fan snein 18 oktober ôf

Efkes harkje nei in ferhaal fan Bear Boeloe, de aventoeren fan Tomke of de moaiste Fryske ferskes? Dat is allegearre mooglik op de nije ynternetstjoerder fan Omrop Fryslân: Tomkeradio. 24 oeren deis online Fryske berneradio. Tomkeradio wurdt op snein 18 oktober lansearre by de berneboekedei yn Terherne en is fan dan ôf online te finen.

Tomkeradio is der foar bern tusken de 2 en 7 jier âld. De hiele dei binne der sawol ferskes as ferhaaltsjes te hearren op it ritme fan de dei. Dat betsjut: moarns ferskes en ferhaaltsjes foar de lytste bern en middeis ferskes en ferhaaltsjes foar de wat gruttere bern. En wa lêst der fan ‘e jûn foar? Tomkeradio fansels! Om bêdtiid hinne binne der in oere lang Tomke ferhaaltsjes te hearren op de stjoerder.

Yn it Kameleondoarp yn Terherne wurdt op snein 18 oktober Tomkeradio lansearre troch Omrop Fryslân. Om 13.00 oere giet dêr de berneboekdei fan start. Op dizze dei kinne bern foar it earst nei de nije ynternetstjoerder harkje. Op de berneboekedei is der in Tomkeradio-romte wêr’t de bern lekker delploffe kinne om de nije ynternetstjoerder te ûntdekken. Fan dan ôf is de stjoerder 24 oeren deis online te beharkjen. Mear ynformaasje oer de berneboekedei en it programma is te finen op http://www.kinderboekendag.nl/.

Alle ferskes en ferhaaltsjes op Tomkeradio binne Frysktalich. Tomkeradio is te finen op www.tomkeradio.frl, mar ek fia de websiden fan Omrop Fryslân, SkoalTV, de Fryske biblioteken en de omrop-app. Tomke is alle wykeinen op sneon en snein om 7.20 en 8.20 oere te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Mear Tomke is te finen op www.tomke.nl.

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)