Nijsgjirrige feroarings yn Fryske Top 100

29 des 2014 - 12:25

Woansdei 31 desimber tusken 07:00 en 18:00 uur by Omrop Fryslân

Nije nûmers dit jier yn sawol de folsleine Fryske Top 100 as de top 10. Mar ek âlde bekenden en platen fan jonge artysten. Op âldjiersdei wurdt foar de 16e kear de Fryske hitlist útstjoerd by Omrop Fryslân. De list fan dit jier is basearre op goed 31.000 stimmen. De útstjoering fan de Fryske Top 100 fan 2014 is op woansdei 31 desimber tusken 07:00 en 18:00 oere te folgjen op radio, televyzje en ynternet.

In protte ferjonging dit jier yn de Fryske Top 100. Sa is dit jier Johannes Rypma it heechst binnenkaam mei it nûmer ‘In Groet’, it nûmer is sels binnenkaam yn de top 10. Ek heech binnenkaam binne de nûmers ‘Jorwert’ fan Wiebe Kaspers en ‘Skettens’ fan Rob du Jardin. It nûmer ‘Do’ fan Weima & van der Werf is dit jier ek foar it earst werom te finen yn de list.

De presintaasje fan de Fryske Top 100 is yn hannen fan Wim Brons, Geert van Tuinen en Femke de Walle. Njonken de presintaasje binne de presintatoaren ek dit jier wer op ‘en paad yn Fryslân om live ferslach te dwaan. Sy binne op besite by eveneminten en minsken dy’t op âldjiersdei wat bysûnders dogge. Minsken dy’t nei de Fryske Top 100 harkje of sjogge kinne krekt as oare jieren reagearje fia #frysketop100 en de sms. Nij dit jier is dat minsken foto’s yn stjoere kinne mei gebrûk fan de Omrop Cam. Mar dit kin fansels ek noch gewoan op www.frysketop100.nl.

De folsleine list, útsein de top 10 is te finen op: www.frysketop100.nl. De top 10 wurdt woansdei 31 desimber tusken 16:30 en 18:00 oere bekend makke.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)