Nije útdaging by Sjongfestival foar bern

06 apr 2016 - 15:06

Bern fan ferskate Fryske basisskoallen litte nije wike harren sjongtalint hearre yn de foarrondes fan it Sjongfestival foar bern. Nij dit jier is dat skoallen ek meidwaan kinne mei in selsskreaun nûmer. En dat falt yn ‘e smaak want mear as de helte giet dy útdaging oan. De acht bêste optredens fertsjinje in plak yn de grutte finale op 20 maaie yn de Lawei yn Drachten.

Oan it Sjongfestival foar bern kinne skoalbern út groep 6, 7 en 8 fan basisskoallen út Fryslân meidwaan. De foarrondes fine plak op moandei 11 april yn Glinstra State yn Burgum, tiisdei 12 april yn It Haske op ‘e Jouwer en freed 15 april yn it Dielshûs yn Wommels.

Skoallen kinne dit jier sawol mei in besteand nûmer as mei in selsskreaun nûmer meidwaan. De bern komme mei kreative fersys, sa hat De Bonkelder út Wytmarsum de tekst ‘Wytske is op Frans’ skreaun op ‘Sexy als ik dans’ fan Nielson en dogge de bern fan de T.J. Roordaskoalle út Wytgaard mei mei in nûmer fan doarpsgenoat Jelle B. Sy hawwe in nije tekst skreaun op it nûmer ‘Simpel’.

By it Sjongfestival foar bern giet it der fansels om wa’t it moaist sjonge kin, mar de sjuery sjocht ek nei hoe’t it liet op de planken setten wurdt. De sjuery fan de foarrondes bestiet dit jier út Carin Seegers, Rodney Elzer en Grytsje Melchers. Yn de finale op 20 maaie stride de skoallen om de wikselbokaal: De Karin de Jong-priis.

It Sjongfestival foar bern is in inisjatyf fan Cedin Taalsintrum Frysk, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân en wurdt ienris yn de twa jier organisearre. It Prins Bernhard Cultuur Fonds, Stichting Woudsend, De Stichting Herbert Duintjes Fonds, Boersma-Adema Stichting en de Lammert Koopmans Stichting stypje it Sjongfestival mei in finansjele bydrage. SAKO is pinfierder fan it Sjongfestival foar bern.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)