Nij: track & trace systeem by SKS skûtsjesilen

17 jul 2017 - 12:27

Omrop Fryslân sil dizze simmer gebrûk meitsje fan in nij track & trace systeem by it SKS skûtsjesilen. Mei it track & trace systeem kinne minsken fia Omrop Fryslân presys folgje hokker skûtsje oan kop giet en hoe’t it klassemint derút sjocht. De track & trace bylden wurde yntegrearre yn de telefyzjebylden en yn de skûtsjelivestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Moandei 17 july is in kontrakt tusken de SKS en Omrop Fryslân oer it nije systeem ûndertekene. Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân: “It track & trace systeem is in prachtich ynstrumint om ús skûtsjeferslachjouwing noch better te meitsjen. No is faak net te sjen wat de posysjes op it wetter binne; wa leit oan kop en op watfoar plak sylt myn favorite skûtsje? Dat kinne wy no sjen litte. De animaasjes sjogge der poerbêst út, dus it is ek moai om nei te sjen.”

Ek de SKS is tige bliid mei dizze ûntwikkeling. Hilda Boesjes: “Mei-inoar steane wy sterk en mei dizze gearwurking litte wy dat mar wer ris sjen. Oan de foarkant binne wy in hiele tradisjonele sport mar oan de efterkant wurkje wy al jierren oan eigentiidske technyske ûntwikkelingen. Troch gearwurking mei Omrop Fryslân kriget dat no in ekstra diminsje.”

De SKS hat it systeem sels ûntwikkelje litten. De technyk dy’t by dit systeem brûkt wurdt is itselde as by de Olympyske Spullen en oare ynternasjonale sylwedstriden. Alles wurdt yn 3D bylden toand. De grafyske bylden fan it track & trace systeem ûnderstypje de kamerabylden en sa kinne wedstriidsituaasjes better yn kaart brocht wurde.  

Hilda Boesjes: “Skûtsjesilen, sile mei skûtsjes, is nau ferweve mei de Fryske kultuer. Mei ús wedstriden wolle wy sjen litte wêr’t dizze grasjeuze frachtskippen ûnder syl fan oarsprong foar bedoeld binne, nammentlik sa hurd mooglik fan A nei B farre op it Fryske wetter dat somtiden nau en faak ûndjip is.”

Sneon 5 augustus giet it SKS skûtsjesilen fan start. Alle wedstriden binne te folgjen by Omrop Fryslân. Nij dit jier is de live skûtsjestream mei streekrjocht en yntegraal ferslach fan it skûtsjesilen; in live kanaal mei Frysk kommentaar by de skûtsjebylden, mar sûnder nijs en muzyk tuskentroch. Op radio bliuwe de fertroude stimmen en ek op telefyzje is it skûtsjesilen te folgjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Image icon Download img-9504.jpg (136.75 KB)
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)