Nij by Omrop Fryslân: De Oertocht

30 aug 2017 - 13:28

Yn ‘De Oertocht’ sil Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Wêr geane de passazjiers hinne en hoe sjocht in wurkdei fan bygelyks de kapitein derút? Ek aktuele ûnderwerpen, lykas de nije fargeul, komme oan bod. It programma is fan woansdei 6 septimber ôf alle woansdeis te sjen by Omrop Fryslân om 18.45 oere.

Yn De Oertocht ûnder oare it ferhaal efter de fargeul. Hoe tinkt de bemanning deroer en wat binne no presys de plannen? Morfolooch Ernst Lofvers fertelt oer de oarsaken fan it hieltyd ûndjipper wurdende Waad. Fierder is te sjen hoe’t it grutste baggerskip fan it waad oan it wurk is. De fargeul is de lêste jierren hieltyd langer wurden en dat moat oars, sizze ferskate organisaasjes.

Om de fertragingen mei de fargeul nei It Amelân oan te pakken hat Wagenborg in nije en gruttere sneltsjinst besteld. Omrop Fryslân folget yn De Oertocht de bou fan it nije skip, dat binnen 20 minuten fan de iene nei de oare kant fart.

Ferhalen fan de bemanning en passazjiers
Yn De Oertocht wurdt dúdlik hoe’t it dochs kin dat sa’n feartsjinst farren bliuwe kin. Alle aspekten, fan de kapitein oant it boekingsteam, komme nei foaren. Mar ek de passazjiers, want elkenien oan board is op reis, elk mei in eigen bestimming. Wannear’t op Skiermûntseach in festival holden wurdt, moatte 28 muzykkorpsen en 22 koaren nei Skiermûntseach. Der sit mar ien ding op; in ekstra skip en crew ynsette. Want al dy minsken passe net op ien skip...

De see is de konstante faktor yn De Oertocht, foar al it oare binne it de ferhalen fan de minsken en de waan fan ‘e dei dy't it programma meitsje. Fan woansdei 6 septimber ôf alle woansdeis om 18.45 oere by Omrop Fryslân. De trailer foar De Oertocht is hjir te sjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, tel: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)