Nij elemint yn Noardewyn Live: HaFaBra

27 aug 2015 - 15:42

Ien kear yn de moanne op Omrop Fryslân Televyzje, Radio en Ynternet

Yn Noardewyn Live wie al in hiel breed skala oan muzyk te hearren en no pakt Omrop Fryslân nochris ekstra út mei HaFaBra- en koarmuzyk yn it programma. Harmony, fanfare en brassbands, alles komt foarby de kommende tiid yn Noardewyn Live. Ferskate orkesten fersoargje ien kear yn de moanne in konsert en dêrneist treedt ek ien kear yn de moanne in grut koar op.

Brassband de Spijkerpakkenband út de gemeente Opsterlân trapet op freed 28 augustus ôf. De hiele band sil oanwêzich wêze yn de grutte studio fan Omrop Fryslân. It twadde optreden wurdt fersoarge troch Wilhelmina Easterein. Dat fanfareorkest spilet op 25 septimber har moaiste stikken. It tredde optreden op 30 oktober is in harmonykonsert fan muzykferiening Da Capo.

De optredens fan alle HaFaBra orkesten wurde opnaam en binne letter werom te hearren op HaFaBra ynternetstjoerder Koperkanaal.nl, spesjaal foar leafhawwers fan harmony, fanfare en brassbands.

Alle freedtemiddeis is der fan 13.00 oere ôf live muzyk yn Noardewyn op radio, televyzje en ynternet. De presintaasje leit yn hannen fan presintator Willem de Vries. Op sneon is der in kompilaasje fan it programma werom te sjen op Omrop Fryslân Televzyje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)