Nij dit jier: online meidwaan oan it Grut Frysk Diktee

29 mrt 2017 - 13:06

Mei de laptop op ’e skoat en de telefyzje op Omrop Fryslân kinst dit jier sels dyn Frysk skriuwen teste. Foar it earst is it mooglik om fia Fryskdiktee.nl mei te dwaan. It Grut Frysk Diktee sels is te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje om 17.30, 19.30 en 21.30 oere. Meidwaan oan it Grut Frysk Diktee is dit jier dus noch makliker, it diktee wurdt online nammentlik automatysk foar dy neisjoen.

Om’t Omrop Fryslân it Grut Frysk Diktee útstjoert kinne minsken fansels ek noch gewoan meidwaan mei pinne en papier. Nei it skoft wurdt de goede stavering en útslach fan it diktee bekend makke. Karen Bies fan Omrop Fryslân presintearret it programma en sil it diktee ek foarlêze. De tekst foar it Grut Frysk Diktee is dit jier skreaun troch Tet Rozendal.

Dit jier koenen minsken harren foar it earst online kwalifisearje foar it Grut Frysk Diktee. Mei as resultaat dat mear dielnimmers meidien hawwe oan de kwalifikaasje. Fan de 169 dielnimmers hawwe 35 minsken harren kwalifisearre foar it diktee. De bekende Friezen dy’t dit jier meidogge oan it diktee binne: parasportfrou fan it jier Alyda Norbruis, skûtsjeskipper fan it Hearrenfean Sytze Brouwer en syn twillingbroer Harmen, trûbadoer Frerik de Swetser, skriuwster Hilda Talsma, Tryater-akteurs Brecht Wassenaar en Romke Gabe Draaijer, presintator Willem de Vries alias Willem Waldpyk, sjongeres Marit Talens en Omrop Fryslân-presintatrise Afke Boven.

Minsken dy’t noch hiel graach meidwaan wolle krije sneon 1 april (gjin grap) in lêste kâns. Yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân wurdt in ‘wildcard’ weijûn foar it diktee op tiisdei 4 april. Earne yn de provinsje is in pakket mei prachtige prizen ferstoppe mei ûnder oare dy ‘wildcard’. Folgje de oanwizingen yn it radioprogramma mei Diana de Groot en meitsje kâns op dat alderlêste plakje. 

It Grut Frysk Diktee
Woansdei 5 april om 17.30, 19.30 en 21.30 oere by Omrop Fryslân op telefyzje. Meidwaan kin fia Fryskdiktee.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)