Niet Geknecht

20 apr 2017 - 08:53

It ferhaal fan it Friesch Dagblad yn de Twadde Wrâldoarloch

Wat soesto as nijsmedium dwaan yn tiden fan oarloch? Hoe hâldst dy steande en hoe fier giest mei yn wat de besetter wol, sûnder datst dyn prinsipen los litst? It is wêr’t it Friesch Dagblad yn de Twadde Wrâldoarloch mei wraksele, lykas alle kranten yn Nederlân yn dy tiid. As iennige deiblêd hie it Friesch Dagblad de moed om de krante stop te setten yn 1941. Omrop Fryslân makke in film by it ferhaal, dy't kommende sneon 22 april útstjoerd wurdt.

Ien fan de ferslachjouwers en plakferfangend haadredakteur by it Friesch Dagblad út dy tiid, Jan de Haan, hat as in deiboekferslach de ûntwikkelingen stap foar stap beskreaun. Hoe’t de krante hieltyd mear ûnder druk fan de Dútsers setten wurdt en hoe’t de meiwurkers dêr nachts wekker fan lizze. De dilemma’s dêr’t se mei te krijen hawwe en hoe’t dêr oer diskusjearre wurdt. Hoe’t der drige wurdt mei in ferbod op it útbringen fan de krante en it gefaar dat se op in stuit rinne om arrestearre te wurden. En dan hoe’t de krante him ‘niet geknecht’ wurde lit en de ear oan himsels hâldt troch de krante stop te setten.

De oantekeningen waarden nei de oarloch oardene en as brosjuere útbrocht: 'Niet geknecht'.
It Friesch Dagblad en Omrop Fryslân hawwe yn oparbeidzjen mei-inoar in film makke fan it ferhaal. De taal en wurden dy’t De Haan brûkt hat yn syn ferhaal, binne tekenjend foar de tiid en it grifformearde karakter fan it Friesch Dagblad fan doe, en hawwe liedend west foar it meitsjen fan de film. De orizjinele tekst is ynsprutsen troch Thijs Feenstra, dy’t we noch kenne as feedokter yn Baas Boppe Baas. De sênen binne tekene troch yllustrator Laurens Bontes fan Ljouwert. Dêrneist is der in nije útjefte makke fan de brosjuere, mei tekeningen út de film en in neiwurd fan Lútsen Kooistra, dat ek útsprutsen wurdt op syn ôfskied as haadredakteur fan it Friesch Dagblad op freed 21 april.

Niet Geknecht yn de media:

  • Tongersdei 20 april: Lútsen Kooistra, haadredakteur Friesch Dagblad by Omrop Fryslân yn it radioprogramma Weistra op wei om 16.00 oere en telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed om 17.00 oere
  • Freed 21 april: ôfskiedsbyienkomst fan Lútsen Kooistra as haadredakteur fan it Friesch Dagblad, mei in taspraak oer Niet Geknecht en de presintaasje fan de nije útjefte
  • Sneon 22 april: in reportaazje yn EénVandaag op NPO1 om 18.15 oere
  • Sneon 22 april: oandacht foar de nije útjefte fan Niet Geknecht yn it Friesch Dagblad
  • Sneon 22 april: de film Niet Geknecht by Omrop Fryslân te sjen om 17.00 oere en dêrnei fan 18.20 oere ôf alle oeren. Online werom te sjen fia Omropfryslan.nl/programma/niet-geknecht.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)