Net dreame, mar dwaan

24 maaie 2017 - 08:36

Yn de Amerikaanske muzykscene gûnzet har namme al langer, mar yn Nederlân hawwe noch mar in pear minsken fan har heard. En dat wylst de karriêre fan muzykproducer en songwriter Femke Weidema (34) in suksesferhaal yn wurding is, ynklusyf in Grammy. “Myn dreamen binne dingen dy’t ik plan om te dwaan. Miskien wurde se net sa grut as pland, mar salang’t je earste stappen sette komme je altyd earne út.” 

Har mentor Liz Rose, ek de ûntdekker en ferskesskriuwer fan Taylor Swift, sei al oer Femke: “I think she can do anything. All Femke needs is a hit and with a couple of great singles out there, that hit might happen this year.” Programmamakker Afke Boven reizge foar Omrop Fryslân nei Amearika en makke in dokumintêre oer de Friezinne.

De muzikale Femke groeide op yn it Fryske Drachten. Nei it nimmen fan akkordeonlessen, stoomt se troch nei it konservatoarium yn Grins. Dêr wurdt har mearsidichheid, Femke spilet yntusken op ferskate ynstruminten en sjongt en komponearret, as in beheining sjoen. Nei har ôfstudearjen giet Femke nei Amerika, regelet in beurs foar it ferneamde Berklee College of Music yn Boston en kriget dêrnei in scholarship yn LA oanbean. Se skriuwt muzyk foar artysten, films en tv-searjes (û.o. foar de searje Nashville: http://bit.ly/1IUMxlD), wennet tsjintwurdich yn Music City Nashville en hat yntusken in earste (Latin) Grammy op har namme stean.

Amearika blykt echt it lân fan de ûnbegrinze mooglikheden, mar it gie Femke net allegearre foar de wyn. “Ik bin der leafdes foar kwytrekke en faak wie ik earm. Ik hie foar in komfortabel libben kieze kinnen, mar de muzyk komt altyd earst. Dat is in hiel bewuste kar.” Wêrom komt de ien net fierder dan it poadium fan de lokale kroech en wurdt de oar in wrâldwiid prizige producer? Yn de Fryslân DOK ‘Net dreame, mar dwaan’ giet Afke Boven op syk nei de antwurden.

Fryslân DOK: Net dreame, mar dwaan
Snein 4 juny fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Op NPO 2 op sneon 3 juny om 15.30 oere en snein 4 juny om 13.05 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)