Meidreame op klassike klanken by Omrop Fryslân

17 maaie 2017 - 13:33

Omrop Fryslân op it Oranjewoud Festival: fan 1 oant en mei 5 juny

Leafhawwers fan klassike muzyk binne by Omrop Fryslân oan it goede adres. Fan 1 oant en mei 5 juny docht Omrop Fryslân live verslag fan it Oranjewoud Festival ôf; it klassike muzykfestival fan Fryslân. Mei livestreams fan it iepeningskonsert, de proeftuin-classics, it slotkonsert en Op & Ut op lokaasje, kinne minsken fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app meigenietsje. En mei op it slotkonsert in nûmer dat keazen is troch it publyk.

It Oranjewoud Festival is in festival dêr’t in breed publyk him thús fielt: fan klassike muzyk- en kultuerleafhawwers, oant hipsters of húshâldingen mei bern. Elkenien kin it festival op ‘e foet folgje by Omrop Fryslân. Ferslachjouwer Miranda Werkman is fjouwer dagen lang op it festival om de sjoggende harker fan Omrop Fryslân sjen te litten wat him ôfspilet op it festivalterrein. Dat alles is te folgjen yn de radioprogramma’s fan Omrop Fryslân op sawol radio as telefyzje. Ek komt it radioprogramma Op & Ut mei presintator Douwe Heeringa sneontemoarn live fan it festivalterrein ôf.

Op it slotkonsert wurdt in nûmer spile dat keazen is troch it Fryske publyk. Minsken kinne stimme op harren favorite klassike nûmer út in list fan 25 útsochte stikken. De nûmer ien út dy list wurdt live spile troch it Nederlands Blazers Ensemble. It publyk kin oant en mei 1 juny op har favoryt stimme fia Omropfryslan.nl/oranjewoudfestival.

Sjoch foar mear ynformaasje op Omropfryslan.nl/oranjewoudfestival en Oranjewoudfestival.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)