Mear as 74.000 produkten ophelle foar Fryske itensbanken

18 des 2015 - 15:38

Nei twa wiken ‘Samen voor de Voedselbank’ aksje by Omrop Fryslân is der foar sa’n 122.486 euro oan produkten ophelle. Dit binne sa goed as 74.070 produkten dy’t ferspraat wurde kinne oer de itensbanken fan Fryslân. It definitive oantal wurdt bekend makke as alle produkten teld binne. Tige tank foar de ynset, Fryslân!

Samen voor de Voedselbank is in aksje fan de regionale omroppen foar de itensbanken yn Nederlân. De aksje waard dit jier foar de twadde kear holden. De ôfrûne wiken hawwe Friezen ferskate aksjes ûndernommen om guod foar de aksje te sammeljen. Ek wiene der santich supermerken twa wike lang in ynsammelpunt om guod yn te leverjen.

Alle dagen wiene ferslachjouwers op ‘en paad om moaie aksjes te besjen dy’t minsken betocht hiene, bygelyks in feiling of in kantinekonsert. Mar ek de ferhalen fan minsken dy’t libje fan it iten fan de itensbank stiene sintraal. Sa wie ferslachjouwer Geert van Tuinen by in frou dy't net sûnder de itensbank kin. Sy joech oan dat dat dreech is, benammen om’t har eigen bern net witte dat se fan de itensbank ite.

Dêrneist binne in soad minsken by de Omrop delkaam om produkten te bringen. In bysûnder ferhaal wie dat fan de 81-jierrige frou Unema. Sy gie te foet nei it gebou fan Omrop Fryslân: "Ik tocht, ik gean even mei de trein fan Wolvegea nei Ljouwert en dan rin ik even. Mar dat foel my raar ôf." Nei't de frou nei fiif kilometer rinnen oankaam wie, koe se yn de buert gjin supermerk fine om boadskippen te dwaan. Sy waard troch meiwurkers fan de aksje nei in supermerk brocht en donearre foar hûndert euro oan boadskippen.

Alle meiwurkers en frijwilligers dy’t holpen hawwe by de aksje wiene tige entûsjast oer alles wat der yn en om it gebou fan Omrop Fryslân barde. Yn totaal hawwe rom 140 frijwilligers meiholpen oan de aksje Samen voor de Voedselbank.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)