Mar-athon en Surventobrass live by Omrop Fryslân

21 jun 2014 - 07:00

Earste maraton fan Snits live op radio en televyzje
Sneon 21 juny wurdt de earste maraton fan Snits holden. Fia Omrop Fryslân Radio en Televyzje kinne minsken thús live meigenietsje fan dat evenemint foar kuierders en hurdrinners. Sneontejûn is yn Surhústerfean it brassbandfestival Surventobrass. Ek dat evenemint is rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân fia Omroplive.nl.

Mar-athon
Offisjeel hat de maraton fan Snits de namme ‘Mar-athon rond Sneek en meer’ meikrigen. De maraton giet om de hiele Snitsermar hinne. Omrop Fryslân hat sneon oerdei op radio en televyzje in soad omtinken foar de kuierders. Jûns wurdt der in ferslach makke fan de hurdrinwedstryd foar de radio en foar de televyzje-útstjoerings fan snein.

De kuiertocht fan de maraton fan Snits giet sneontemoarn om 9:00 oere fan start. Fan 8:00 oere ôf is Omrop Fryslân Radio derby. De hiele dei troch, oant 18:00 oere, sille de radioferslachjouwers live yn de programma’s Aktueel, Op & Ut en Sneon yn Fryslân te hearren wêze. Boppedat is de kuiermaraton fan 13:00 oere ôf ek te folgjen op de televyzje en Omroplive.nl. Jûns is der yn Hjoed in reportaazje fan de earste kilometers fan de kuierders dy’t de hiele maraton dogge. In ferslach fan de hurdrinwedstryd fan sneontejûn is op snein 22 juny te hearren yn it moarnsprogramma fan Aktueel en jûns te sjen yn Hjoed. Mei de winners, de ferliezers, mar ek de prachtige bylden fan al dy rinners dy’t it tsjuster temjitte rinne.

It is ek mooglik om mei te twitterjen fia #maratonsnits of te sms’en nei 06 20 499 199.
Mear ynformaasje oer it evenemint is te finen op www.mar-athon.com.

Surventobrass
Surventobrass is in jierliks festival foar brassbands út alle divyzjes. De bands komme mei in eigen programma, in minykonsert, fan tritich minuten. De sjuery beoardielt net allinne de muzikale prestaasjes, mar sjocht ek nei de amusemintswearde fan de optredens. Oan Surventobrass 2014 dogge tsien brassbands mei. It festival is fan 17:30 oere ôf live te beharkjen en te besjen op www.omroplive.nl. De earste brassband begjint om 17:45 oere te spyljen. Mear ynformaasje oer Surventobrass en de dielnimmende brassbands is te finen op www.surventobrass.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)