Livestream bringt skûtsjesilen streekrjocht en yntegraal

03 maaie 2017 - 14:41

Omrop Fryslân jout dit jier noch mear omtinken oan dizze Fryske sport  

Omrop Fryslân set dizze simmer mei in live skûtsjestream útein mei in streekrjocht en yntegraal ferslach fan it skûtsjesilen yn Fryslân. Projektmanager Jacqueline Spendel: “It live kanaal dat wy lansearje, is in stream mei Frysk kommentaar by de skûtsjebylden, mar sûnder nijs en muzyk tuskentroch. Folslein rjochte op it skûtsjesilen en op skûtsjeleafhawwers dy’t it skûtsjesilen op ‘e foet folgje wolle.” De nije stream is dizze simmer te finen fia Omropfryslân.nl en de Omrop-app.  

Nije nammen
By dy nije stream hearre ek nije nammen. Sportferslachjouwer Freark Wijma docht ferslach by de SKS en sportferslachjouwer Koos Wieling by de IFKS. Neist Freark en Koos skoot saakkundige Eelke Dijkstra oan. Ek âld-SKS kampioen Pieter Brouwer sil it team sa no en dan bystean. Op de radio bliuwe de fertroude stimmen, Gjalt de Jong en Geartsje de Vries by de SKS en Gjalt de Jong en Aukje de Hoop by de IFKS. Ek op telefyzje is lykas oare jierren it skûtsjesilen te folgjen.

Skûtsje Kafees
Mar der is mear: lykas by it keatsen sil ek it skûtsjesilen op de radio foarbeskôge wurde yn it saneamde Skûtsje Kafee. “Op tongersdei 3 en freed 4 augustus makket de Omrop live út Grou wei in foarbeskôging op de wedstriden. Echt ôfstimd op de harkers dy’t fan skûtsjesilen hâlde en tagelyk is ek elkenien wolkom yn it kafee”, sa seit Jacqueline Spendel. Op freed 18 augustus wurdt yn Hylpen in spesjaal Skûtsje Kafee útstjoerd dêr’t de IFKS sintraal yn stiet.

Nije ynfolling op telefyzje
As titel ferdwynt it Skûtsjesjoernaal dit jier, mar de ynhâld bliuwt oerein. Dy wurdt meinaam nei it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed. It wedstriidferslach, it klassemint en it neipraten oer de wedstriid bliuwe. Roelof Lousma (SKS) en Afke Boven (IFKS) binne op de wedstriidlokaasje fan de dei. Spendel: “Op dizze wize hoopje en ferwachtsje wy dat nóch mear minsken fan ús programma’s en de Fryske sport genietsje sille!” Jûns tusken 21.00 en 22.00 oere is op telefyzje in ekstra lange gearfetting fan it skûtsjesilen te sjen mei de hichtepunten en Frysk kommentaar derby.

Boppedat komt Omrop Fryslân yn de simmer mei in rige tv-programma’s, dy’t yn it teken fan de simmersporten steane. “Om noch mear minsken waarm te meitsjen foar beide kompetysjes stjoere wy ek in ôftraap fan it skûtsjesilen op telefyzje út.” Op freed 4 augustus stiet de SKS sintraal en op freed 18 augustus de IFKS.  

Yn it blêd Skûtsje Journaal, edysje 2017, is in ynterview te finen mei projektmanager Jacqueline Spendel oer it skûtsjesilen by Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)