Lintsjesrein by Omrop Fryslân

18 apr 2017 - 08:49

Tiisdei 25 april live by Omrop Fryslân

De frijwilliger dy’t al jierren de linen lûkt op de fjilden fan de pleatslike fuotbalklup, of beppe dy’t har bot ynset foar har doarp of stêd. Of miskien wol de buorjonge dy’t aktiviteiten organisearret foar âlderen. Minsken, dy’t in plomke fertsjinje, spjeldet Omrop Fryslân op tiisdei 25 april in Omrop-lintsje op. Friezen kinne minsken fan wa't sy fine dat dy in Omrop-lintsje fertsjinje nominearje.

Foar minsken dy’t miskien net direkt foar in Keninklik lintsje yn de beneaming komme en dy’t dochs in soad dogge foar in oar is der it Omrop-lintsje. Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sille op 25 april op ‘en paad om minsken, dy’t dat fertsjinje, in Omrop-lintsje en in oarkonde út te rikken.

Jo kinne sels in persoan opjaan dy’t in lintsje fertsjinnet, fia Omropfryslan.nl/lintsje. Dat kin oant en mei snein 23 april. Ut alle ynstjoerde nominaasjes kiest de redaksje in oantal minsken. Dy wurde op tiisdei 25 april troch in live-ferslachjouwer fan de Omrop ferrast mei in lintsje. Oerdeis op ’e radio en jûns yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed.

Stim foar dizze aksje en de ferhalen ôf op Omrop Fryslân of sjoch op de spesjale side: Omropfryslan.nl/lintsje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)