Liet fan de toendra

22 maaie 2017 - 12:30

Sjongeres Aafke Zuidersma reizget fan Koatstertille nei Kautokeino yn Noarsk Laplân, it lân fan de Sami. Dêr komt sy Ella Marie Haetta Isaksen tsjin. Beide froulju dogge mei oan Liet International, it sjongfestival foar minderheidstalen yn Europa. Aafke har liet, ‘Minsk fan wearde’, is in persoanlike oade oan in freon dy’t himsels tekoart dien hat.

Programmamakker Karen Bies folge Aafke foar de Fryslân DOK ‘Liet fan toendra’ nei Kautokeino yn it skitterjende lânskip boppe de poalsirkel. Dêr komme sy yn de kunde mei de sjongkultuer fan de Sami; it ‘joiken’. Ella Marie is opgroeid mei de 'joik', de tradisjonele wize fan sjongen fan de Sami. Sy is grutsk op har ôfkomst en op de kultuer fan de Sami en kombinearret de ‘joik’ mei har moderne muzyk.

Sami-sjongeres Ella Marie Haetta Isaksen fertelt: ‘’Mei in ‘joik’ fertelst datst om ien joust. Ik kin myn gefoelens kwyt yn it sjongen en dat moat yn myn memmetaal, want ik ha sáfolle gefoelens dy't ik fertelle wol.’’ Ek de Fryske sjongeres Aafke Zuidersma sjongt it leafst yn har memmetaal, want: ‘’dat leit sa ticht by mysels’’. Yn de dokumintêre 'Liet fan de Toendra' in portret fan beide sjongeressen op wei nei it festival dat ôfrûne april holden waard yn Kautokeino.

Fryslân DOK: Liet fan de toendra
Snein 28 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Op NPO 2 op sneon 27 maaie om 15.30 oere en snein 28 maaie om 13.50 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)