Lauswolt Simmerkonsert by Omrop Fryslân

06 sep 2016 - 14:44

Yn july spile it Noord Nederlands Orkest al yn de bosken fan Beetstersweach. In registraasje fan it jierlikse Lauswolt Simmerkonsert is op snein 18 septimber fan 20.00 oere ôf op Omrop Fryslân Telefyzje te sjen. Unyk is dat de registraasje fan it konsert by de trije noardlike omroppen (Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord) simultaan útstjoerd wurdt.

Yn de útstjoering kinne jo genietsje fan it tolfde simmerkonsert wêryn’t net allinnich it Noord Nederlands Orkest de stjerren fan de himel spile. Ek de Drintske mezzosopraan Rosanne van Sandwijk, de Fryske saksofoniste Femke IJlstra en de Grinser dirigint Frans-Aert Burghgraef makken it programma kompleet.

Hea! by it Lauswolt Simmerkonsert
Programmamakker Janko Krist waard foar twa reportaazjes nei it konsert stjoerd. No net fuortendaliks in evenemint foar in trochsnee programmamakker. Hjirfoar moast er wol earst yn de lear. Want hoe klaaist dy op sa’n sjiek feest en wat kinst wol en net sizze? It is yn Hea! te sjen op 14 en 15 septimber om 17.35 oere.

Lauswolt Simmerkonsert
Op sneon 18 septimber fan 20.00 oere ôf op Omrop Fryslân Telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)