Konsertkonkoers OMF op Omroplive.nl

17 nov 2014 - 14:46

Sneon 22 novimber fan 08:30 oant en mei 20:30 oere

Santjin orkesten fan ferskate muzykferienings út it Noard-Nederlân komme op 22 novimber tegearre yn Surhústerfean om mei te dwaan oan it konsertkonkoers fan de Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF). Fan 08:30 oant en mei 20:30 oere is dat live te folgjen op Omroplive.nl.

De muzyk fan 17 harmony-, fanfare- en brassbands stiet dy dei sintraal. Doel fan de dei is om te sjen oft de orkesten noch foldogge oan de easken fan de divyzje dêr’t se yn sitte. De orkesten wurde beoardield troch in lanlik sjueryteam dy’t bestiet út trije persoanen. Oan it konsertkonkoers fan 22 novimber dogge trettjin Fryske orkesten mei.

It konsertkonkoers fynt plak yn de Flambou yn Surhústerfean en is fergees tagonklik foar eltsenien. Fan 08:30 oant en mei 20:30 oere is it konsertkonkoers live te besjen en te beharkjen op Omroplive.nl. De oare dei, snein 23 novimber, binne de moaiste koralen te beharkjen op Koperkanaal FM, dat sneins tusken 06:00 en 08:00 oere op Omrop Fryslân Radio útstjoerd wurdt. Alle opnamen fan de dei sille letter foarby komme op ús HaFaBra ynternetstjoerder Koperkanaal.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)