Klear foar de start?

17 nov 2015 - 15:18

Dan giet ‘De Koers’ no los!

Omrop Fryslân presintearret in nije dramasearje foar de jeugd. Op tiisdei 1 desimber fynt yn skouboarch De Lawei yn Drachten de premjêre fan de searje ‘De Koers’ plak. Njonken de premjêre wurdt ek it boek ‘De deikoersen fan Remco’, dat skreaun is foar it LêsNo projekt, presintearre.

LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis dat ferline jier úteinset is mei it boek oer Grutte Pier. It projekt is in gearwurking fan Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, Afûk, Omrop Fryslân en Tresoar. Dit jier bestiet it LêsNo projekt út de dramasearje ‘De Koers’, it boek ‘De deikoersen fan Remco’, in audio- en meilêsferzje fan it boek en in lesbrief.

Doel fan it projekt is it fergrutsjen fan de lêswille by de doelgroep. Fan 11 jannewaris 2016 ôf sille 2760 learlingen, ferdield oer 18 skoallen en 115 klassen seis wiken lang mei it projekt oan ‘e slach.

Jeugdsearje ‘De Koers’: Hoe hurd moatst wêze om de top te heljen? Dat is de fraach dêr’t Sieger foar stiet, no’t er op it punt stiet in profkontrakt te tekenjen as hurdfytser. As Remco, de jongere broer fan freondinne Marije, in slim ûngemak krijt moat Sieger yn koarte tiid alles op alles sette om him te helpen. De Koers is fan desimber ôf online te finen fia omropfryslan.nl, de Omrop-app, Youtube en eduFrysk. Fan moandei 4 jannewaris ôf is ‘De Koers’ ek te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Boek ‘De deikoersen fan Remco’: Bart Kingma, de betinker fan de dramasearje is ek de skriuwer fan it boek.
Nei it ûngelok giet it ferhaal fan Remco fierder yn it boek ‘De deikoersen fan Remco’. Hy hat talint foar hurdfytsen, mar nei it ûngelok liket Remco’s dream om prof te wurden yn reek op te gean. It boek leit fan desimber ôf by de boekhannel.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)