Klaas Geert Bakker nije haadredakteur Omrop Fryslân

15 jan 2015 - 11:31

Klaas Geert Bakker (48) is beneamd ta nije haadredakteur fan Omrop Fryslân.
Hy folget hjirmei Alex Beishuizen op, dy’t dizze funksje fan 1 oktober 2014 ôf yn in ynterim situaasje ferfolt.

Bakker hat romme ûnderfining opdien by sawol regionale- as lanlike omroppen. Op it stuit wurket hy by RTV Rijnmond yn de funksje fan adjunkt-haadredakteur.
Dêrfoar hat hy foar RTV Noord Holland, de Wereldomroep en de TROS wurke.

Bakker sil op 1 april oankommende yn syn nije funksje úteinsette.

Noat foar de redaksje:
Foto: Klaas Geert Bakker.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Jan Koster, algemien direkteur Omrop Fryslân, tel: 058 – 2997831, 058 – 2997799, of 06-20967266.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)