Keunst & kultuer yn Fryslân?

10 nov 2015 - 09:46

‘Ik bin benijd!’ fan moandei 16 novimber ôf

Sân Friezen op ‘en paad troch de provinsje om Fryske keunst en kultuer te ûntdekken. Wêr’t sy hinne geane? Dat is hieltyd wer in ferrassing. En wat fine sy fan dat alles? Dat is fan moandei 16 novimber ôf te sjen yn ‘Ik bin benijd!’ op Omrop Fryslân Televyzje.

Yn it programma Ik bin benijd! geane Wopkje, Hielkje, Klaas, Jikke en Roelof en de bruorren Gerard en Hans op ‘en paad troch Fryslân. De panelleden bringe in besite oan de moaiste museums, lokaasjes en eveneminten. En wannear’t it even kin, dogge sy ek aktyf mei oan in aktiviteit.

Oan it begjin fan elke ôflevering krije de panelleden in kryptyske omskriuwing fan de lokaasje dêr’t sy hinne geane. Alle kearen is der dan ek in oar panellid op in oare lokaasje te sjen. Dy kryptyske omskriuwing is ek te hearren yn it radioprogramma ‘De middei fan Fryslân’. Oan de hân fan de omskriuwing kinne minsken riede hokker kulturele lokaasje sintraal stiet yn de ôflevering fan dy dei. En dêr binne natuerlik alle dagen wer moaie pryskes mei te fertsjinjen.

Op moandei 16 novimber is in diel fan it panel te gast yn it televyzjeprogramma Bynt. Ek ûntfangt Douwe Heeringa alle sneonen ien fan de panelleden yn it radioprogramma Op & Ut om te praten oer de lokaasje wêr’t sy west binne dy wike. Ik bin benijd! is seis wiken lang alle wurkdagen fan 17.45 oere ôf te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Ik bin benijd!:
Fan moandei 16 novimber ôf alle wurkdagen om 17.45 oere op Omrop Fryslân Televyzje. De útstjoering wurdt fan 18.55 oere ôf alle oeren werhelle. Op snein wurde alle útstjoerings fan de ôfrûne wike efterinoar útstjoerd om 17.30 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)