Keninklike besite te folgjen by Omrop Fryslân

10 jun 2016 - 12:35

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima bringe op 13 juny in streekbesite oan Noardwest Fryslân. De keninklike besite is live te folgjen op alle kanalen fan Omrop Fryslân. It pear sil nei Sint Anne, Wier, Tsjummearum, Frentsjer en Harns.

De besite fan ús kening en keninginne stiet yn it teken fan de streekaginda. Yn de streekaginda wurkje de provinsje, de gemeenten en it wetterskip gear mei ynwenners en bedriuwen oan in sterke regio. Spesjaal omtinken is der dy dei foar de leefberens yn it gebiet dat in weromrinnend tal ynwenners hat.

Op Omrop Fryslân Radio en Telefyzje wurdt ferslach dien fan de keninklike tocht troch Noardwest Fryslân fan 10.00 oant 16.00 oere. Jûns is der om 18.20 oere in spesjaal programma mei in gearfetting fan de bylden fan de dei te sjen. Fierder is it lêste nijs fan de besite en in liveblog te folgjen op omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mear ynformaasje oer de besite fan it keninklik pear yn Fryslân is te finen op omropfryslan.nl/keninklikebesite.

Keninklike besite oan Fryslân
Radio:                 fan 10.00 oant 16.00 oere
Telefyzje:            fan 10.00 oant 16.00 oere en in spesjaal programma om 18.20 oere dat dêrnei 
                           alle oeren werhelle wurdt
Online:                alles oer de keninklike besite, de liveblog, livestreams en de ûntwikkelingen fan
                           de dei binne te finen op Omropfryslan.nl en op de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, tel: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)