Kaviarace werom by Omrop Fryslân

06 sep 2017 - 13:16

De legindaryske kaviarace, út in telefyzjeprogramma mei Fred Oster fan 40 jier lyn, keart yn nije foarm werom by Omrop Fryslân. Fan freed 8 septimber ôf foarsizze kavia’s alle wiken de fuotbalwedstriden fan Hearenfean en Cambuur yn Fryslân Hjoed.

Kavia’s hawwe yn de telefyzjewrâld harren foarsizzende gaven goed bewiisd. Fan 1973 oant 1983 spilen kavia’s de haadrol yn it finalespul fan AVRO’s Wie-kent-kwis mei Fred Oster. It nije programmaûnderdiel mei kavia’s fan Fryslân Hjoed is basearre op dat spultsje.

Alle kavia’s hawwe in namme fan in bekende Fries, lykas Foppe de Haan, Piet Paulusma en Eelke Lok. In spiler fan de fuotbalklup kiest ien fan de kavia’s. Dan wurde de kavia’s loslitten yn de bak. Yn de bak sitte allegear fakjes mei in einstân derboppe. It fakje dêr’t de kavia fan de klup ynrint is de einstân fan de wedstriid. Jan Arendz is de kwismaster fan it spultsje.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân hat wol twivele oer de ynset fan kavia’s yn in live-telefyzjeprogramma: “Ik makke my yn earste ynstânsje soargen oer it wolwêzen fan de bisten. Mar my is troch eksperts fersekere dat in bytsje stres net in soad kwea kin foar dy bistjes. Ik bin bliid dat wy de kaviarace wer werombringe op telefyzje.”

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 – 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)